Nij Smellinghe krijt spultsjes fan Ljouwerter boumerk

© Nij Smellinghe
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat in grut oantal spultsjes krigen fan in boumerk yn Ljouwert. It inisjatyf dêrfoar kaam fan in frou dy't by de boumerk wurket. Dêr waard it magazyn opromme, en doe kamen de spultsjes foar it ljocht. It koste tefolle om se wer op te slaan, dus soene se fuortsmiten wurde of nei in opkeaper gean.
Ferkeapster Ypie Zwart fûn dat skande en stelde foar om se kado te dwaan oan Nij Smellinghe. Se hat sels goeie ûnderfinings mei dat sikehûs. Har liedingjaande fûn it prima, mar dan moast se se wol sels bringe. Nij Smellinghe is bliid mei it kado. De spultsjes wurde ferdield oer ferskate ôfdielingen.