5 manlju oanhâlden yn H'fean

07 maaie 2012 - 09:59

De plysje hat sneintenacht op It Hearrenfean in ploechje fan fiif manlju oanholden foar mishanneling. It giet om ynwenners fan De Harkema fan 17, 18, 49 en twa fan 46 jier. By in fjochtpartij yn it sintrum fan It Hearrenfean hiene sy in man fan fan De Knipe (24) en in Hearrenfeanster (34) slein. De groep naaide dêrnei út yn in taksybuske.

De plysje koe de manlju by De Harkema oanhâlde. Der wurdt ûndersyk dien nei de tadracht fan de fjochtpartij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)