Cambuur wer yn selde opstelling

18 aug 2016 - 17:32
  • SC Cambuur

Cambuur begjint de útwedstriid freed tsjin FC Dordrecht mei deselde alve spilers as ferline wike tsjin Jong PSV. Dy wedstriid smiet, nei it 1-1 lykspul twa mienings op: de supporters fûnen it hielendal neat; Cambuur trainer Rob Maas fûn it "de beste wedstrijd tot nu toe" fan Cambuur. Maas snapt de frustraasje fan it net winnen fan de supporters, mar bliuwt der by dat der troch Cambuur goed fuotballe is en genôch kânsen kreëard binne. Dat der net skoard waard is it iennige minpunt sa fynt Maas, mar hy bliuwt by syn idee fan fuotbaljen.

Opstelling Cambuur: Nienhuis, Anderson, Steenvoorde, 'N Toko, Peersman; Monteiro, Bakker, Van der Streek; Gyasi, Hemmen, Gouriye.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)