'Befalling thús ôfwachtsje'

07 maaie 2012 - 09:48

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten begjint mei it thús yn de gaten hâlden fan froulju dy't swier binne. It giet dan om froulju dy't fanwege komplikaasjes oars yn de lêste wiken foar de befalling yn it sikehûs opnaam wurde moatte.

Mei de thúsmonitoring is dat net mear nedich, omdat de kontrôles thús plakfine. En yn stee fan yn it sikehûs, moatte de froulju dan thús op bêd bliuwe. In spesjalisearre ferpleechkundige komt dan foar alle ûndersiken del. Dy wurde oanslutend yn it sikehûs beoardiele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)