St. Juste en De Fockert yn earste seleksje Jong Oranje

Jeremiah (Jerry) St. Juste © AWfoto.nl
Jeremiah St. Juste fan SC Hearrenfean is troch bûnscoach Fred Grim opnommen yn de earste seleksje fan Jong Oranje. Dat team spilet op 2 septimber yn Minsk in EK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Wyt-Ruslân.
Ek keeper Maarten de Fockert makket diel út fan dy earste seleksje fan Jong Oranje. De Fockert stiet ûnder kontrakt by SC Hearrenfean, mar is ferhierd oan VVV-Venlo.