Rapport Udo D.: 'Alles dien wat wetlik mooglik is'

Yn de begelieding fan Udo D. is alles dien wat wetlik mooglik is, dat stelle de Inspectie Veiligheid en Justitie en de Inspectie voor de Gezondheidszorg. De ynspeksjes hawwe op fersyk fan de gemeente Ljouwert, de plysje, it Iepenbier Ministearje en GGZ Friesland ûndersyk dien nei de kwestje. Udo D. stie dêr jierrenlang bekend as gefaarlik en agressyf. Hy wie feroardiele ta selstraffen, tbs en is tuskentroch ambulant behannele.
Untslein
Udo D. sloech ferline jier oktober yn Ljouwert in frou dea en ferwûne in oare frou. In pear moanne dêrfoar wie er ûntslein út in soarchynstelling fan de GGZ yn Frjentsjer. It Iepenbier Ministearje, de plysje en gemeente hawwe dêrnei besocht de GGZ op oare gedachten te bringen, mar dy mocht neffens de wet de man net langer fêsthâlde.
Goed begelaat
De beide ynspeksje fine dat de man ek foar syn opname goed begelaat is. Neffens de ynspeksjes is Udo D. der in pynlik foarbyld fan dat it, nettsjinsteande alle ynspanningen fan belutsen partijen, dochs misgean kin. De útkomsten fan it ûndersyk binne ek nei de ferantwurdlik steatssekretaris stjoerd, dy komt yn septimber mei in reaksje.