"Alderen krije jildproblemen troch tanimmende soarchkosten"

18 aug 2016 - 14:06

Tanimmende kosten foar de soarch meitsje dat in grut diel fan de âlderen yn de finansjele problemen sit. Dat seit âlderenbûn ANBO, nei in ûndersyk ûnder syn leden.
Benammen hegere eigen risiko's en preemjes foar soarchfersekeringen meitsje it dreech om rûn te kommen. De ANBO hopet dat it kabinet de âlderen yn 'e mjitte komme wol, bygelyks troch de soarchpreemje te ferleegjen.

Neffens de ANBO makket tachtig prosint fan de âlderen har soargen oer jildproblemen. In ferheging fan de AOW foar elkenien is neffens it bûn net de oplossing.

"Er is een groep gepensioneerden die het best heel goed heeft, er is een groep die al voldoende steun krijgt door bijvoorbeeld huur- en zorgtoeslag, maar er is ook een grote groep gepensioneerden die niet voldoende toeslagen krijgt of daar net buiten valt en die mensen moeten nu ondersteund worden", sa seit Renée de Vries fan de ANBO. De organisaasje fiert de kommende tiid kampanje om it kabinet sa fier te krijen dat der maatregels naam wurde.

Trefwurden: 
jildproblemen âlderen ANBO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)