UWV: Fryslân telt opnij minder wurkleazen

18 aug 2016 - 10:53

It oantal wurkleazen yn Fryslân sakke yn july foar de fiifde moanne op rige. Neffens it UWV gong it oantal útkearingen nei goed 18.000, dat is 5,4 prosint fan de beropsbefolking. Benammen yn de útstjoersektor, soarch en wolwêzen, bou en yndustry giet it better.

Minsken fûnen benammen in baan yn seizoenwurk yn de hoareka en lânbou. Lanlik sjoen sakke it oantal ww-útkearingen nei goed 430.000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)