Blau-alch by Langwar en Ealahuzen, by Balk warskôging opheft

18 aug 2016 - 10:47

De provinsje warskôget foar blau-alch by it swimplak yn de Langwarder Wielen en by de Lange Hoek by Ealahuzen. De warskôging foar blau-alch by it swim- en surfsintrum Balk is just wer ynlutsen.

Blau-alch kin njonken hûdirritaasje soarchje foar mage- en termklachten. Mear ynformaasje is te finen op de webside zwemwater.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)