Suvelbedriuw A-ware makket 6 miljoen euro winst

© Royal A-ware
Suvelbedriuw A-ware hat yn 2015 in hegere nettowinst fan 6 miljoen euro makke. Dochs helle it bedriuw in legere omset, want dy daalde mei 5 prosint nei hast 1,1 miljard euro. Dat hat benammen te krijen mei de legere tsiis- en suvelprizen.
It bedriuw yn Almere hat oer 2013 en 2014 sa'n 170 miljoen euro ynvestearre, ûnder oare yn in nije tsiisfabryk op It Hearrenfean dy't ferline jier iepene is. Sjoen de ûnwisse omstannichheden op de suvelmerk sprekt it bedriuw foar 2016 gjin ferwachtingen út.