Kollum: "Porno-akteur"

18 aug 2016 - 08:22

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers.Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"As je fan bûten earne tsjinoan sjogge is it faak hiel maklik om der in oardiel oer te hawwen. Sa wie neffens Youp van ’t Hek yn in kollum fan it ôfrûne wykein de sjef de mission fan de Nederlânske olympyske sporters Maurits Hendriks it bêste te fergelykjen mei in Dútske porno-akteur, omdat er Yuri van Gelder nei hûs stjoerd hie en omdat er in ringburdsje hat. Dat wie wat Youp oanbelanget reden om ien sa del te setten. Lokkich wie der ek in kollum fan Thijs Zonneveld, dy’t even langer neitocht hie oer de eskapades fan de turner en him net yn de slachtoffersrol seach, mar gewoan as in dom jonkje dat him kear op kear misdroegen hat en terjochte nei hûs stjoerd is. Falske sentiminten yn de komkommertiid, je ferwachtsje fan Youp dochs wat in better ferhaal. Spitich.

En dan wie der noch in abstrakt stik op de side fan de Ljouwerter krante dêr’t de famylje Wevers, jo witte wol, dy fan de gouden medalje op de balke, as in stel flechtlingen út oarlochsgebiet Oldenzaal delsetten waard. Se fûnen ûnderdak yn flechtlingekamp It Hearrenfean, de Epke Zonderland turnhal om krekt te wêzen. Ik wit net of de sjoernalist besocht hat om in grappich stik te skriuwen of dat hy It Hearrenfean mei opsetsin fergeliket mei in flechtlingekamp, de humor yn it ferhaal is my, en in hiele soad oaren, folslein ûntgien. Neffens my sit der boppe de sjoernalisten in haadredaksje dy’t alles even neisjocht foardat it publisearre wurdt, mar miskien wienen dy krekt even oan it netwurkjen op nije lokaasjes, ik wit it net.

Dan noch in moai staaltsje fan bestjoerlike perikels op It Amelân. Dêr moat de gewoane man wike foar it gruttere jild. As jo nei lang sparjen einliks in steancaravan kocht hienen op it eilân en dêr mei in soad wille de frije tiid trochbrochten, ha jo pech. Jo hokje moat fuort, want der moatte grutte en djoere hûskes foar yn it plak komme. Jo bringe net genôch op. Dus is der in leger oan dupearren dy’t mei de caravan it eilân ôftrape wurde. De gemeente sjocht gjin oplossing. Mar dan komt op 5 augustus Sieds Tuininga by de Omrop mei it ferhaal dat der wol deeglik in alternatyf plak foar de minsken is. Tuininga wol by Ballum in Eco kemping út de grûn stampe. De minsken kinne bliuwe, it jild dat se spandearje bliuwt op it eilân en Eco stiet foar duorsum, dus wat wolle je noch mear. Pracht oplossing, elkenien bliid.

No, jim fiele it al oankommen, de bestjoerlike ûnmacht wurdt wer ris treflik yn byld brocht troch wethâlder Will Bakema en syn amtners. Neffens wethâlder Will Bakema hat de gemeente der alles oan dien om alternative plakken te finen, mar is dat net slagge. Sa stiet op Omrop Fryslân nijs te lêzen. Sieds Tuininga syn Eco kemping op regeltsjes ôfservearre? Hoe dan ek, de eksodus fan de gewoane fakânsjeman fan it eilân giet troch. Sa freeslik spitich, want wat helje je op dizze wize de siel fan it fakânsje fieren fan lju dy’t der faak al jierren en jierren sitte, troch it slyk fan it Waad.

Yn alle trije gefallen hjirboppe hie de ellinde foar te kommen west as der better kommunisearre west hie. Jammer. Myn tiid is om, dus sil ik mar net mear begjinne oer de Egyptyske salafistyske judoka dy’t it yn Rio ferhipte om syn Joadske tsjinstanner in hân te jaan. Oer miskommunikaasje sprutsen..."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)