Van der Meulen nominearre foar boartersguod fan it jier

17 aug 2016 - 21:45

Boartersguodleveransier Van der Meulen út Snits hat twa lukrative nominaasjes binnen foar boartersguod fan it jier. Yn de kategory 0 oant 3 jier binne in spultsje fan Nijntje en fan Woezel en Pip yn de race. It bedriuw waard fjouwer kear earder nominearre, mar wûn nea. Dochs is de nominaasje al in priis op himsels. Allinnich al it stikkerke mei de nominaasje op de doaze smyt tweintich prosint mear ferkeap op.

Op de webside speelgoedvanhetjaar.nl kinne minsken fan 5 septimber oant 6 novimber stimme op harren favorite boartersguod.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)