UPDATE: Deade en swierferwûne nei famyljedrama yn Aldwâld

18 aug 2016 - 06:21

Yn Aldwâld is woansdeitejûn in 55-jierrige frou om it libben kaam. It giet om de bewenster fan in frijsteande wenning oan de Allemawei yn it doarp. Har 59-jierrige man waar troch de brânwacht mei swiere brânwûnen yn 'e tún oantroffen. Hy is troch de ambulânse yn kritike tastân nei it sikehûs yn Grins brocht. It is noch net bekend wat der krekt bard is, it soe gean om in famyljedrama.

Brânmelding

De brânwacht krige in earste ynstânsje melding fan in wenningbrân by in frijsteande wenning yn Aldwâld mei in reiden tek. Doe't de brânwachtminsken by dizze wente oankamen, wie der gjin brân. Wol wie der sprake fan reekûntwikkeling. Yn de wenning trof de brânwacht it lichem fan de bewenster oan.

''Gjin sinjalen fan problemen''

Lokoboargemaster Paul Maasbommel fan de gemeente Kollumerlân hat by it hûs west en mei de belutsenen sprutsen. Hy sprekt syn meilibben út nei de neibesteanden en de twa bern fan it stel. Neffens Maasbommel krijt in buorman dy't it ynsidint sjoen hat slachtofferhelp. De gemeente hat gjin sinjalen hân dat der problemen wienen yn 'e famylje. Tongersdei beslút de gemeente oft der in ynformaasjegearkomste komme moat foar de buert. 

De plysje en de technyske resjerzje dogge op dit stuit ûndersyk. It ûndersyk rûn koart fertraging op nei't it buske fan de technyske resjerzje ûnderweis yn in sleat bedarre, om't it útwike moast foar in ambulânse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)