Oant healwei septimber gjin proefboarrings by Skiermûntseach

17 aug 2016 - 17:59

Der sille oant healwei septimber noch gjin proefboarrings komme boppe Skiermûntseach. Dat hawwe it Frânske bedriuw Engie BV en de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog woansdei nei oerlis besletten. De partijen hawwe mei-inoar om tafel sitten om in oplossing te betinken foar it skeel oer de proefboarrings. Engie BV hat in fergunning krigen om yn de hjerst fan 2017 en yn 2018 proefboarrings nei gas te dwaan oan de noardkant fan it eilân.

De bewenners fan Skiermûntseach wolle dat net. De wurkgroep Horizon Schiermonnikoog is benaud foar boaiemdelgong en fersmoarging fan de romte. Miljeu-organisaasjes as de Waadferiening binne it mei harren iens, lykas ek in mearderheid fan de Twadde Keamer. Op 15 septimber prate de leden fan Horizon Schiermonnikoog fierder mei de direksje fan Engie BV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)