Badhuys Flylân protestearret tsjin twangsom snackbar

17 aug 2016 - 15:38

Strânpaviljoen 't Badhuys op Flylân hat foar de rjochter yn Grins protestearre tsjin in twangsom fan de gemeente. Dy fynt dat der tefolle betonnen platen om it paviljoen hinne lizze. De picknicktafels en de snackbar dy't op dy platen stean, moatte ek fuort fynt de gemeente.

Gjin fergunning

Neffens de gemeente binne der gjin fergunningen oanfrege en is paviljoenhâlder Harry Westers dêrom yn oertrêding. De platen soenen boppedat dellein wêze op in part fan it strân dat net foar de hoareka bedoeld is. Helptsjinsten soenen dêrtroch minder goed it strân berikke kinne. Op 19 july lei de gemeente Westers in twangsom op fan tûzen euro foar elke dei dat de betonplaten, it strânmeubilêr en de iiskokarre stean bliuwe.

Hieroerienkomst

Westers hat by de rjochter frege dizze maatregel yn alle gefallen foarearst út te stellen oant syn yntsjinne beswier by de gemeente behannele wurdt. Neffens syn advokaat stiet yn de hieroerienkomsten tusken de gemeente en Westers nammentlik dat der wol ekstra tafels, stuollen en platen delsette mei. Hy soe dêrom dêr gjin fergunning foar nedich hawwe. "Er is daarin bovendien niets afgesproken over hoe veel ruimte die in beslag mogen nemen."

De iiskokarre foar de ferkeap fan iis stiet der al jierren, stelt de advokaat. De platen en picknicktafels binne koartlyn delset fanwege de ekstra drokte by it paviljoen. Oare hoareka-ûndernimmers soenen dêroer by de gemeente klage hawwe.

Nijbou

It strânpaviljoen fan no wurdt nei alle gedachten nei dit strânseizoen ôfbrutsen. Der komt in nij, folle grutter paviljoen foar yn de plak. De gemeente is dêr yn grutte linen al akkoart mei gien. De rjochter docht binnen twa wiken útspraak oer de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)