Hynstefokker teloarsteld oer optreden Zirocco Blue

17 aug 2016 - 15:26

Hynstefokker Van de Lageweg út Bears is teloarsteld oer it optreden fan syn springhynder Zirocco Blue op de Olympyske Spelen. Oant twa kear ta wegere it hynder dizze wike, mei ruter Jur Vrieling, om oer in pear hindernissen te springen. Vrieling joech it hynder yn de earste wedstriid doe te hurd klappen mei de swipe, dêr waard hy foar diskwalifisearre. Mar yn de wedstriid fan tiisdei wegere Zirocco Blue wer. 

Neffens soan Janko van de Lageweg dy't de Spelen thús yn Bears folget, hat it hynder op dit stuit gjin fertrouwen mear yn de ruter en wol er dêrom net mear springe. Zirocco komt ek hjoed net yn aksje by de lannewedstriid op 'e Olympyske Spelen. Ruter Jur Vrieling hat him foar de wedstriid weromlutsen om't Zirocco in blessuere hawwe soe. Op it stuit is ek eigener Wiepke van de Lageweg by Zirocco Blue yn Rio. Takom wike komt er wer thús. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)