Winkelkonkurrinsje De Jouwer: Jumbo ticht

Op 'e Jouwer giet de Jumbo oan de Sinnebuorren per 1 oktober ticht. Alle fjirtich meiwurkers wurde ûntslein. Neffens eigener Wiebe Zijlstra hat de sluting te krijen mei de grutte konkurrinsje fan oare supermerken yn it doarp. Sa docht bliken dat it net nedich is om twa Jumbo's yn it doarp te hawwen.
Boppedat is de nije Lidl yn it doarp tige populêr, sadwaande komme der minder klanten by de Jumbo, sa seit Zijlstra. De eigener besiket de acht fêste meiwurkers ûnder te bringen yn de oare Jumbo yn it doarp, dêr't hy ek eigener fan is.