PostNL wint koart pleit oer fergoeding

17 aug 2016 - 11:51

In groep winkels mei in ôfhelpunt fan PostNL hat in koart pleit tsjin it postbedriuw ferlern. De winkels stapten nei de rjochter, omdat se lulk binne dat PostNL har in legere fergoeding betelje wol. Se binne benaud dat se dêrtroch in lytsere omset krije, mei mooglik in fallisemint as gefolch.

PostNL ûntkent dat risiko. De rjochter seit dat der ûndersyk nedich is om te bepalen hokker fan de twa partijen gelyk hat. Foar dat ûndersyk is lykwols by in koart pleit gjin romte.

Trefwurden: 
koart pleit PostNL
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)