Yuki Kobayashi presintearre by SC Hearrenfean

17 aug 2016 - 11:15
  • Yuki Kobayashi yn 'e midden

SC Hearrenfean presintearre woansdeitemoarn de Japanske fuotballer Yuki Kobayashi. Hy komt oer fan Jubilo Iwata. De 24-jierrige linkspoat hat in kontrakt foar trije jier tekene. Kobayashi is in 'box to box' middenfjilder. It is noch net dúdlik oft er sneontejûn al yn aksje komme kin yn Nijmegen tsjin NEC. Der moat noch wat papierwurk ôfhannele wurde.

Neffens technysk manager Gerry Hamstra is de middenfjilder in technysk en taktysk sterke spiler. Hy hat 130 kompetysjewedstriden spile en skoarde 17 kear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)