Luchtkwaliteit Fryslân bêste fan Nederlân

17 aug 2016 - 10:54

Fryslân hat de skjinste lucht fan Nederlân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Milieudefensie. Dy hat besjoen hoefolle smoargens der yn de lucht sit en dat ferfolgens ferlike mei it meismoken fan sigretten. Yn Fryslân komt dat del op it meismoken fan 3,6 sigaret per persoan. Yn Súd-Hollân is de lucht it meast fersmoarge, dêr giet it om it meismoken fan seis sigaretten.

Milieudefensie wiist der op dat fanwege it meismoken op in soad plakken smookferboden jilde, mar dat dat foar de iepenbiere lucht net jildt.

Neffens de organisaasje soarget bygelyks it ferheegjen fan de maksimum snelheid krekt foar mear smoargens.

Mear oer de luchtkwaliteit: milieudefensie.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)