Noch gjin dúdlikens oer deade hûn Drachten

De hûn lei yn in sleat by yndustryterrein A7 © De Vries Media
De plysje hat noch gjin idee fan wa't de deade hûn is, dy't tiisdei fûn waard yn in sleat op yndustryterrein A7 yn Drachten. It bist hat gjin chip en dêrtroch kin de eigener net achterhelle wurde.
Der sil no in oprop op Facebook dien wurde, om dochs achter de eigener te kommen. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de hûn al in skoft yn it wetter lein hat. It bist waard fûn sûnder kop. De plysje tinkt net dat dy bewust fan it bist ôfhelle is, mar dat er mooglik oanfretten is.