Toarstige Belch stelt blikjes bier
In 49-jierrige man út Antwerpen is tiisdei yn Ljouwert oanhâlden nei it stellen fan twa blikken bier. Dat die er by in supermerk oan de Van Loonstrjitte. De plysje koe de man oanhâlde omdat er in sinjalemint fan him bekend wie. De man is fêstset op it buro foar fierder ûndersyk, mei omdat er al faker guod út winkels stellen hat.