Kollum: "Publyk"

17 aug 2016 - 08:58

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Alle dagen hat de Ljouwerter Krante in kommentaar op de twadde pagina. Yngreven. Meastal oer Assad of Poetin, soksoarte. Desneeds oer Wilders. Mar sneon skreau haadredakteur Hans Snijder dêr ynienen in kritysk kommentaar oer skûtsjesilen en keatsen. Mar fan de saken ticht by hûs ha’t hy blykber gjin lover ferstân. Dat blykte teminsten út de lilke reaksjes op twitter. Want Snijder skreau dat PC en SKS té tradisjoneel binne, se moatte har oanpasse oan it publyk. Oars sil dat fuortgean en bliuwe.

Sa soe de SKS de rûten fan de skûtsjes folle mear deun lâns it publyk stjoere moatte. Silen Hans is wedstriidsile, net sjosile. Foar de sjo komme op ‘en doer yndied net folle minsken. Wedstriidsile, doarp tsjin stêd, Earnewâld tsjin Snits. Dat wolle minsken mei belibje. Sjoch je fan ‘e wike ek by de IFKS, elk skûtsje hat support. We wolle ek mei sile mei ús golden Marit Bouwmeester. Mar dêr krij we sa no en dan mar in hiel fierôf byldsje fan. En dan bin je op de Olympyske Spelen, en dat is it plak dêr’t dochs de measte kamera’s fan de wrâld sammele binne. Dy kamera’s kinne silen ek net goed sjen litte. Se wurkje ek dêre mei track en trace, krekt as by de SKS, sadat je fia de kompjûter of jo telefoan sjen kinne wa’t wêr leit. Yn it lyts giet it ek sa by de SKS. It is al moai dat Omrop Fryslân de minsken middeis wat sjen lit, mar it is hap/snap, en as je thús sitte begryp je it net. En seker net yn de Buorren fan Langwar, dêr’t sa’n grut skerm stie, sa’t Snijder dat ha wol. Tusken it dronken feestfolk, dat folle mear belangstelling hie foar de bar dernjonken. Moat we dêrfoar no skytdjoere drones de loft ynstjoere?

Sile Snijder, is in krúsrak sile, leafst sa lang mooglik. Oars syl je inkeld wat efter elkoar oan. Dan kin alle skûtsjes like hurd. Soms is de wyn sa dat se dat sa lang mooglike krúsrak in eintsje fan it plak ôf ha dêr’t de minsken steane, mar de ûnderste of boppeste tonne leit altyd ridlik tichtby.

By it keatsen hoege gjin drones, mar it moat al feroarje. Seit Snijder, mar hy seit net hoe. Dat wit net ien. Miskien in grutter fjild en gruttere partoeren tsjin inoar. Mar as it Sjûkelân foar trije miljoen omboud wurde moat, wit ik it kommentaar fan de Ljouwerter Krante al. Sinleas jild. Jou dy keatsminsken dan ris in goede oplossing. Se sjogge al jierren dat it publyk werom rint. De hope is fansels de PC fan dit jier. Elkenien dy’t der west hat seit dat it in goede partij wie. Mar ik tink dat soks noch net genôch is. It moat wer wat libbener wurde. De Ljouwerter Krante hie in ynterview mei PC-kening Hans Wassenaar. Dy soe better keatse no’t hy wat kalmer yn it fjild wie, net sa emosjoneel. Ja en ik tink dat Hans wer gewoan himsels wurde moat. Dus noch emosjoneler. Dat lûkt publyk. Ik hie in diskusje mei Feark Smink oer it skûtsjesilen. Hy fynt de skûtsjes prachtich, histoarysk ferantwurde, ensafuorthinne. Mar hy wol kamera’s en mikrofoanen op elk skip, sadat it publyk hearre kin hoe’t se opelkoar skelle. Ik soe der net sa lokkich mei wêze, mar toe dan mar. As dat it sa libben makket dat it publyk wer komt.

Hoewol, dat publyk is net fuort. Komt inkeld sa no en dan wat letter. Sifers út de LC: Op de PC sitte 8000 lju te sjen nei Hans Wassenaar en dêrnei komme der noch 15.000 yn de Bogt of oare kroegen. Ik ha de skipkes by it skûtsjesilen yn Grou telt lâns de kant. En sân man gemiddeld per skip rekkene. Ik kaam út op 20.000 minsken. En dêrnei komme der nochris 10.000 yn Grou. Feest. Yn Langwar pûle de Buorren út. Feest. Hylpen op de earste IFKS dei, koenen je net troch komme, de auto’s stiene oant Warkum en Koudum ta. Ek al ha se dêr by de IFKS no in skiedsrjochter dy’t alderhande frjemde beslissingen nimt, sadat nimmen der mear wat fan snapt. Kin ús neat skele. Nei Hylpen. Nei it feest yn Fryslân. Tradisjoneel. Mei ek noch de OS de hiele dei op de telefyzje as tsjinstanner. Feest. Ach. Kom dêr ek ris Hans."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)