AUDIO Marit: "Hjir ha ik fan dreamd"

16 aug 2016 - 23:00
  • Marit Bouwmeester mei har gouden Olympyske medalje 2016
  • Marit Bouwmeester fiert har goud
  • Marit Bouwmeester
  • Marit Bouwmeester yn aksje

"Hjir ha ik acht jier lang foar wurke. Dit is sa moai. Dit is de dream dy't útkomt, ja." It is twa oeren nei har gouden medalje by it silen as Marit Bouwmeester noch altyd ferskriklik bliid is. "Ja, it wie net de bedoeling it sa spannend te meitsjen. Mar dat kin my no neat mear skele. No nei de NOS en dan nei Holland Heineken House. Dêrnei hoopje ik it noch te fieren mei myn famylje en coaches."

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)