Teloarstelde Epke: "Ik tocht dat ik kânsen hie"

16 aug 2016 - 22:35

"Ik hie in goed gefoel. Ik tocht dat ik kânsen hie en dan hawwe je soks. Dat wolst fansels net." Turner Epke Zonderland is slim teloarsteld oer syn fal op de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Dêrmei ferspile er de kâns op in medalje op rekstôk.

Zonderland wie koart foar de einstriid yn de training ek al fallen. Dat wie net goed foar syn selsbetrouwen, sei er sels. Hy twifele oft er wol trochgean moast en besleat dat er der dochs wat fan meitsje woe. "Mar it foel net ta".

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)