Jens Jurn Streutker nije spiler Harkemase Boys

16 aug 2016 - 21:29
  • Jens Jurn Streutker: nije spiler fan Harkemase Boys

De 23-jierrige fuotballer Jens Jurn Streutker spilet dit seizoen foar Harkemase Boys. Streutker siet sûnder klup, neidat syn kontrakt net by FC Emmen net ferlinge waard. Dêrfoar stiet er ûnder kontrakt by SC Hearrenfean. Fia Harkemase Boys-trainer Henk Herder is Streutker yn byld kaam by de Harkemasters.

Streutker is in ferdigener. Hy is oanlutsen mei it each op blessueres en de lange kompetysje yn de tredde difyzje. Jens Jurn Streutker hat tiisdeitejûn al traind by de Boys.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)