Ponton op strân om slykfrij nei see te rinnen yn Harns

Op de ponton kinne besikers slykfrij de see yn rinne © Stefan Postema
Op it strân fan Harns is in ponton dwers de see yn lein. Sa hoege besikers net mear troch it slyk te rinnen om fierder te kommen. It bouwurk wurdt tiisdei pleatst. De gemeente Harns hat in spesjalisearre bedriuw dêr opdracht ta jûn.
De ponton is in proef foar in koarte perioade om te besjen oft it foldocht.