Pieter-Jan Postma einiget op de Spelen as tsiende

16 aug 2016 - 20:21

Pieter-Jan Postma is as tsiende einige op de Olympyske Spelen. De siler út Ljouwert wie al sa goed as útskeakele foar in medalje en der wie allinnich noch in teoretyske kâns, mar yn de medalrace einige er as njoggende. Dêrmei sakke er yn it klasssemint noch in plak. Postma sylde oant snein noch mei om de medaljes, mar krige doe in diskwalifikaasje, wêrnei't er keldere yn it klassemint.

De Brit Giles Scott wûn goud, de Sloveen Vasilij Zbogar sulver en de Amerikaan Caleb Paine brûns. It wiene foar Postma de tredde Spelen.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)