Hylpen krijt replika fan âlde peilskaalhúske

16 aug 2016 - 20:18
  • It peilskaalhúske sa't it der komme moat

Hylpen krijt yn septimber it saneamde peilskaalhúske werom. Dêryn waarden de stannen opmetten fan it wetter yn de Sudersee. Fia in buis mei wetterynlit en in flotter dy't op in skriuwsysteem oansluten wie, waard de wetterstân automatysk registrearre. It âlde peilmjithúske stie tusken 1886 en 1942 op de seedyk. Oant de oanlis fan de Ofslútdyk yn 1932 waarden de wetterstannen dêr alle dagen fêstlein.

It nije peilmjithúske komt op de noch besteande âlde fundearring te stean. It inisjatyf is fan Stichting Stadsherstel Hindeloopen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)