Bou wetterskybaan by Snits kin yn septimber los

16 aug 2016 - 18:13
  • Wetterskye (stockfoto)

Undernimmer Taco Hofman kin yn septimber begjinne mei de bou fan de wetterskybaan Snits. Ofrûne wike hat it kolleezje fan de gemeente Súdwest-Fryslân ynstimd mei de hier en opstaloerienkomsten foar it wetter en de grûn.

Hofman wol yn april takom jier losgean mei syn wetterskybaan yn rekreaasjegebiet De Potten. Yn it wetter komt in kabelbaan om te wetterskyen. Oan it wetter komt in paviljoen mei klaairomte en in lytse hoareka-foarsjenning.

Tusken de gemeente en de ûndernimmer binne ek ôfspraken makke oer de feiligens foar oare wetterrekreanten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)