Ferfolchôfspraken oer nije koälysje yn Achtkarspelen

Riedsgearkomste yn Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It CDA, de ChristenUnie en de PvdA yn de gemeente Achtkarspelen hawwe ferfolchôfspraken makke oer in nije koälysje. De ôfrûne wike hat der yntinsyf oerlis west. Ferline wike waard al konkludearre dat der genôch basis wie. It oerlis ferrint neffens de partijen en ynformateur Joop Atsma yn goede sfeer. It is konstruktyf. De fraksjes litte witte dat kwaliteit en soarchfâldigens boppe te rappe stappen giet.
Goed in moanne lyn stapte de PvdA yn de gemeente út de koälysje mei FNP en Gemeentebelangen nei in betrouwensbreuk.
Dêrnei sei in mearderheid yn de ried it betrouwen op yn alle trije wethâlders fan de gemeente. Sûnt dy tiid sit Achtkarspelen feitlik sûnder bestjoer.