Aqua Zoo nimt skeinde seeskyldpodden op

16 aug 2016 - 16:35
  • De opfang fan Marine Savers op de Malediven

De seeskyldpodden dy't takom jier nei Aqua Zoo komme, binne earder fêstrekke yn los omdriuwende stikken fisknet. De skyldpodden hawwe troch de netten en it ôffal yn de see gatten yn de skyld, of flippers ferlern. Dêrtroch kinne se net mear goed foar harsels soargje. Dat seit Stephanie Jessen, haad bistefersoarging by Aqua Zoo.

Jessen hat sels nei de opfang Marine Savers op de Malediven west om te learen hoe't de seeskyldpodden fersoarge wurde moatte. Se hat ek alles regele om de bisten feilich mei in skip nei Europa te ferfieren.

Fersmoarging
De skyldpodden hjitte Kerry, Peggy, La Petit en Zahiya. "Peggy is mijn favoriet. Ze is heel gemotiveerd en actief,  en probeert te zwemmen, terwijl ze dat nog niet kan,. Heel aandoenlijk.'' Aqua Zoo wol mei de bisten ek omtinken freegje foar fersmoarging fan seeën en oseanen.

België
De fjouwer skyldpodden ferbliuwe no foarearst yn bistepark Pairi Daiza yn België. Wannear't de ûnderkommens by Aqua Zoo klear binne, komme twa fan de fjouwer nei Ljouwert. Hokker twa is noch net bekend. De ferwachting is dat de ferbliuwen yn juny of july takom jier klear binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)