Plysje siket "man mei karke achter de fyts" nei ynbraak
De plysje yn Ljouwert siket fanwegen in ynbraak in man mei in karke achter de fyts. De man waard tiisdeitemoarn betiid sjoen yn de Hottingastate. Omdat dêr yn in skuorke yn de strjitte ynbrutsen is, wurdt de man no socht.
Minsken dy't mear oer him witte wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje. By de ynbraak is ark meinaam.