Aksjegroep stipet Sionsberg mei advertinsje yn kranten

De Stichting Red De Sionsberg komt woansdei mei in advertinsje yn in tal regionale kranten, dêr't soarchfersekerder De Friesland yn oproppen wurdt sikehûs Sionsberg yn Dokkum stypje te bliuwen.
De Friesland makke koartlyn bekend it kontrakt mei it sikehûs op te sizzen, omdat it fynt dat dat wer tefolle de âlde foarm krijt. De soarchfersekerder wol ta nei soarch dy't benammen troch de húsdokters ferliend wurdt.
Brede stipe foar Sionsberg
Neist Red de Sionsberg stypje ek de gemeenten yn de regio de oprop, krekt as in tal politike partijen, tsjerken, húsdokters, doarpsbelangen en ûndernimmersferieningen.