UPDATE: Foppe de Haan wurdt adviseur by de Oranjefroulju

16 aug 2016 - 09:41
  • Foppe de Haan

Foppe de Haan hat dochs wer in nije baan yn it fuotbal fûn. De 73-jierrige De Haan wurdt adviseur by de Oranjefroulju. Hy wurket dêr gear mei bûnscoach Arjan van der Laan. Foppe hat al earder foar de KNVB wurke, doe as coach fan Jong Oranje. Dêr wie der tige suksesfol: Jong Oranje wûn de EK's fan 2006 en 2007.

Mei de Oranjefroulju wurket De Haan ta nei it EK fan takom jier. Bûnscoach Van der Laan is tige te sprekken oer syn nije adviseur. "We maken graag gebruik van iemand met zijn staat van dienst en enorme kennis."

"Net thússitte"

Ek Foppe sels is entûsjast oer syn nije funksje. "It is net sa drok en dit is prima te kombinearjen mei de dingen dy't myn frou en ik noch dwaan wolle. Geke fynt dit dan ek prima."

Wol seit er dat it topfuotbal by de manlju foar him klear is. "Mar de hiele dei thússitte, dat is ek niks. Fuotbal is en bliuwt myn hobby en ik fyn it noch hieltyd leuk."

Ferskil manlju en froulju

Foppe de Haan hopet boppedat dat er it frouljusfuotbal nei in heger nivo helpe kin. "It hat myn ynteresse altyd al wol hân. En ik bin wol benijd nei de ferskillen tusken manlju en froulju. Op it mêd fan fuotbal fansels."

Mei syn ûnderfining op toernoaien tinkt Foppe in bydrage oan de ûntwikkeling fan de Oranjefroulju leverje te kinnen. "Se hawwe ambysje, wolle by de bêste acht fan Europa hearre. Dat is moai."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)