Kollum: "Makket sport geil?"

16 aug 2016 - 08:50

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Nei’t ik in pear wiken oan de oplader lein ha bin ik der wer hielendal klear foar, minsken. En ja, ik ha jim ek mist, tige tank foar de berjochtsjes fandatoangeande.

Likegoed moast ik my der ta sette om dizze kollum te skriuwen. Dat komt troch de Olympyske Spelen. Ik hâld nammentlik fan sport. It meast fan hurdfytsen, mar dêrnjonken fan hast alle dissiplines. Dat is ek it moaie fan de Olympyske Spelen: alles komt foarby. Fan klaaidowen sjitten en mearkamp turnjen, oant gewichtheffen en 100 meter klitoris happen. O nee, dat is gjin sport, mar dêr kom ik aanst op werom.

It is dat grut ferskaat oan sporten dat my, nei in aardich aktive fakânsje, no as in bier drinkende en drûge woarst itende somby op de bank sitte lit. Dêr hie ik it in dei of wat lyn mei in kollega oer, en dy sei, mei in dreamerige blik yn de eagen, dat er alle froulju dy’t meidiene wol befruchtsje woe. Behalve miskien de kûgelstjitsters en diskussmytsters. Dy earste opmerking liet ik even op my ynwurkje. ‘It binne allegear fan dy ferdomd moaie froulju,’ sei er. ‘En tink derom, myn frou is krekt gelyk, want dy glydt hast fan de bank by alle gespierde hunks dy’t yn byld komme.’

Seks en de Olympyske Spelen, it is in dinkje. It begûn al mei de iepeningsspeech fan de presidint fan it Brasiliaansk Komitee, Carlos Nuzman. Dy leaude, sa sei er, yn de ‘seks’ fan de Spelen. Hy korrizjearre himsels fuortendrekt mei te sizzen dat er ‘sukses’ bedoelde, mar nei sa’n Freudiaanske fersprekking wie de toan al set.
Even in pear feiten op in rychje. Der binne yn it Olympysk doarp 450.000 kondooms beskikber. Dat is tritich per atleet en twa per dei. Sûnt it begjin fan de Spelen binne it tal matches op Tinder oprûn ta 130%, it tal swipes mei 69%. Moai getal, ek. Mar ek minsken fan bûten it doarp of sels fan bûten Rio of Brasilië besykje massaal mei de atleten yn kontakt te kommen: it tal besites oan Rio fia de Passport-feature fan Tinder is mei 211% tanommen.

De fraach dy’t men jin stelle kin is dizze: makket sport geil? Wat de sporters sels oangiet is dy fraach mei ‘ja’ te beäntwurdzjen. Sporte docht wat mei de hormoanen, seit seksuolooch Astrid Kremers. ‘Boppedat binne der alderhande aspekten dy’t de driuw nei seks fergrutsje sille. Lykas it moaie waar, mar ek de oanwêzigens fan al dy sporters mei in goed liif. It binne jonge minsken yn de bloei fan harren libben, en nei in lange perioade fan trainen en ôfsjen ha se no tiid om te ûntspannen en stoom ôf te blazen.’ Better in potsje seks as drank en drugs. Dat seit Astrid Kremers net, dat sis ik.

Hawar, yn syn algemienens kin je stelle dat fan de Olympyske Spelen in sterk erotisearjende wurking útgiet. Ien dy’t net allinne de sporters beynfloedet, mar ek de taskôgers op de bank foar de telefyzje. Dat fyn ik in bemoedigjende gedachte, want dêrmei wurdt de Olympyske famylje gâns grutter as allinne dy fan it doarp dêr yn Rio. Al dy minsken oer de hiele wrâld dy’t nei oanlieding fan de Spelen fan ’t bil gean. Sport ferieniget de minsken, seit de iene spreuk. Make love not war, seit de oare. En sa is it mar krekt."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)