It Hearrenfean betinkt befrijing Nederlânsk-Ynje

Sa'n sechtich minsken hawwe justerjûn op It Hearrenfean de Japanske kapitulaasje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje fan 71 jier lyn betocht. Ek stiene de besikers stil by de fiif Feansters dy't om it libben kamen by de ûnôfhinklikheids-striid fan Indonesië tusken 1945 en 1950.
Der binne krânsen lein en der wiene meardere sprekkers. Ien fan dy sprekkers wie boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean.
Hy stie ek stil by de fernieling fan it Ynje-monumint yn Ljouwert. "Ik ben de herdenking ermee begonnen. Je merkte dat het leefde onder de aanwezigen. Ik heb mijn verbijstering over de vernieling uitgesproken", seit Van der Zwan. Hy neamt it ûnbegryplik dat minsken soks dogge.
Famylje yn kamp
De Ynjenetinking krijt de lêste jierren hieltyd mear omtinken. Van der Zwan fynt dat in goede saak. Sels is er ek persoanlik belutsen by de betinking, want syn famylje hat ek yn in jappekamp sitten.
"Mijn moeder heeft daar altijd heel open over verteld. Dat heeft mij wel extra betrokken gemaakt. Ik ben mij ervan bewust wat daar is voorgevallen."
By oare famyljes is dat net sa fanselssprekkend, seit de boargemaster. "Je hoort nu nog steeds heel veel verhalen loskomen, omdat bijvoorbeeld kleinkinderen er naar vragen."