Gemeente Amelân hat gjin alternatyf plak foar steancaravans

16 aug 2016 - 06:55

De gemeente It Amelân sjocht definityf gjin alternativen foar de steancaravans, dy't ferdwine moatte fan de campings Boomhiemke en Ambousen op it eilân. Neffens wethâlder Will Bakema hat de gemeente der alles oan dien om alternative plakken te finen, mar is dat net slagge.

Ferskate riedsleden op It Amelân binne benaud dat oare steancaravan-eigeners itselde te wachtsjen stiet. De eigeners fan de campings wolle fan de caravans ôf om plak te meitsjen foar lúksere ûnderkommens. Guon eigeners steane al tsientallen jierren op de campings.

Yntusken binne 130 fan de yn totaal 240 steancaravans al fuorthelle. Oan de ein fan dit jier moat alles fuort wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)