Sjoerd Hamburger pakt brûns

De Hollân Acht, mei Sjoerd Hamburger, hat snein by it wrâldbeker roeien yn Belgrado brûns wûn. Mei in tiid fan 5.30.21 kamen de mannen krekt tekoart foar it sulver, dat nei it Ingelse achttal gong. Goud wie der foar it Dútske team, dat mei in tiid fan 5.26.78 in klasse apart wie.
De Nederlânske froulju pakten it goud yn Belgrado. Mei in tiid fan 6.06.06 wienen de froulju hast trije sekonden rapper as Roemenië. Brûns wie der foar de froulju fan Ingelân.