Hertoanfal meiwurker SC H'fean

06 maaie 2012 - 13:47

Kees Smit, materiaalman fan SC Hearrenfean, hat sneintemoarn in hertoanfal krigen. Hy makke it fjild klear foar de wedstriid Hearrenfean-Feyenoord. Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. Syn tastân soe stabyl wêze. By de klup is men bot oanslein. Smit (74) wurket al jierren foar de klup.

Foar de wedstriid hat it publyk dit nijs heard fan de speaker. Ek wie in foto fan Smit te sjen op it skoareboerd. Ofhinklik fan hoe't it mei de man giet, wurdt sjoen oft nei ôfrin de feestlikheden by it heljen fan Europeesk fuotbal trochgeane of net.

Nei ôfrin fan de wedstriid ha der wol feestlikheden west, mar dy binne wat oanpast.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)