Famylje Bouwmeester belibbet teloarstellende jûn

15 aug 2016 - 22:46
  • De famylje fan Marit sit der klear foar, mar se mocht net....

Wat foar de famylje Bouwmeester in histoaryske jûn wurde moatten hie, einige úteinlik yn in teloarstelling. De finalewedstriid fan sylster Marit Bouwmeester waard nei in lange perioade fan twifel, úteinlik útsteld nei tiisdei. De reden dêrfoar wie de te hurde wyn.

Neffens Arnold Bouwmeester, omke fan Marit, wie de antyklimaks dêrmei kompleet. Dat komt om't der yn earste ynstânsje krekt te min wyn wie om sile te kinnen. Nettsjinsteande it beslút sil de famylje fan Marit tiisdei wer plat foar de telefyzje.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)