Turncoach Gerben Wiersma: "Dit is in dream dy't útkomt."

"Dit is in dream dy't útkomt. Hjir ha we sa lang foar knokt en dan is dizze beleaning sa moai." It binne de wurden fan Gerben Wiersma fan Grou. De bûnscoach fan de turnfroulju sei dat fuort nei de gouden medalje fan syn pupil Sanne Wevers op balke.
Op de Olympyske Spelen yn Rio presteart syn turnploech geweldich. Njonken dizze medalje waard it Nederlânske team ek al 7e yn de teamfinale. "We ha besocht it negative imago fan it frouljusturnjen wat fuort te poetsen. Dan ha je eins noch soks nedich en dêrom bin ik sa bliid dat dit slagge is."
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de omrop-app.