Jong Hearrenfean set achterstân om yn winst tsjin ADO

15 aug 2016 - 21:51

De fuotballers fan Jong SC Hearrenfean hawwe moandeitejûn de útwedstriid tsjin ADO Den Haag mei 2-1 wûn. De Feansters kamen yn de earste helte mei 1-0 achter te stean. Der wiene dêrnei in pear kânsen op de lykmakker, mar benammen Henk Veerman miste in pear krekt it doel.

Nei it skoft begûn Hearrenfean sterk. Yn de 54e minút kopte Morten Thorsby de lykmakker yn. Yn de 60e minút skeat Jordy Bruijn de winnende treffer fan de râne fan it strafskopgebiet ôf binnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)