Marit Bouwmeester moat wachtsje: hjoed gjin medalrace

15 aug 2016 - 21:23

Foar sylster Marit Bouwmeester is it noch altyd ôfwachtsjen oft se harsels olympysk kampioene neame kin. De medalrace, Bouwmeester har lêste wedstriid fan it syltoernoai yn de Laser Radial-klasse, is ferset nei tiisdei.

Earst stie der te min wyn. Nei trije oeren wachtsjen kwaam der ynienen in soad wyn opsetten. Op in stuit wie it wynkrêft 7 en dat is wer te folle. Bouwmeester stie mei noch ien race te gean earste. Mei de medalrace sil it no tiisdei heve om 18.05 oere. As der genôch wyn is, of net te folle.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)