Van der Velde nimt boekhannel Iwema Assen oer

15 aug 2016 - 20:27
  • Boekhannel Van der Velde yn Ljouwert

Boekhannel Van der Velde, mei filialen yn Ljouwert, Snits en Drachten, nimt mei yngong fan 1 oktober boekhannel Iwema yn Assen oer. Neffens de direksjes fan de boekhannels passe beide bedriuwen goed by-inoar, bygelyks wat de ferkeap fan boeken fan regionale skriuwers oanbelanget.

De meiwurkers fan Iwema hâlde harren baan. It oanbod fan boeken by Iwema sil de kommende tiid breder wurde. Dêrneist wurdt sjoen oft de winkel nei in grutter gebou ferhúzje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)