Plysje foarkomt konfrontaasje fuotbalsupporters yn Snitswike

15 aug 2016 - 20:03

Supporters fan SC Cambuur en SC Hearrenfean hawwe ferline wike woansdei mei de Snitswike besocht inoar op te sykjen. Troch yngripen fan de plysje koe in konfrontaasje foarkaam wurde. Dat seit boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân.

De boargemaster sjocht tefreden werom op de Snitswike, dy't neffens him "drok en behearsber" wie. Der kamen mear as 200.000 besikers op it evenemint ôf. Oer de hiele wike sjoen binne 63 minsken oanhâlden, faak foar lytse dingen lykas bûtendoar yn it iepenbier pisje.

De boargemaster is goed te sprekken oer de gearwurking tusken organisator Keninklike Wettersportferiening Snits (KWS), de plysje en hoareka-ûndernimmers. It publyk waard mei kamera's yn de gaten hâlden. Fia grutte skermen koene oproppen dien wurde om it publyk te stjoeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)