Frijwilligers socht foar riksjafytse mei âlderein foaryn

Mei de riksja âldere minsken de omjouwing sjen litte
Yn Ljouwert wurde frijwilligers socht dy't mei in riksja âldere minsken troch de stêd ride wolle. It giet dan om âldere minsken dy't sels net mear fytse kinne.
It inisjatyf fan 'Fietsen alle jaren' - sa't it projekt hjit - komt fan it Fytsersbûn. Soarchynstelling Noorderbreedte is de earste yn Fryslân dy't sokke 'easterske taksyfytsen' ynsette sil. Yn Denemarken wurdt it al folle faker tapast. Dêr ride sawat fiifhûndert riksja's âldere minsken troch de omjouwing.