Ynterfrysk kongres yn juny

06 maaie 2012 - 12:47

Harns is begjin juny gasthear foar it trijejierlikse Ynterfrysk kongres foar de Fryske minderheden yn Dútslân en Nederlân. Dat kongres wurdt sûnt 1925 om bar yn West-, East- en Noard-Fryslân hâlden. Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma iepenet it. It is de 25ste edysje. Tema is Nije kânsen foar de Fryslannen. Der binne sprekkers oer dat tema en der wurdt diskusjearre.

Dielnimmers oan it kongres kinne ek te farren op it Waad en se kinne nei in Ynterfryske tsjerketsjinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)