Steatefragen oer fernijing N381 by Donkerbroek

15 aug 2016 - 19:00
  • De dyk N381 by Donkerbroek wurdt op dit stuit folslein oars ynrjochte
  • De N381 moat ein dit jier klear wêze

De werynrjochting fan de N381 by Donkerbroek moat neffens ôfspraken plakfine. Dat seit de steatefraksje fan de PvdA. Neffens omwenners fan de Balkwei en It Heechsân wurde ôfspraken oer de werynrjochting fan it gebiet net neikaam.

Der is in soad ûntefredens ûnder de omwenners, seit de fraksje. Dy hat fragen oer de fuortgong fan it projekt by de Provinsje Fryslân dellein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)