Ferskate oernamekandidaten foar fallyt MS Mode

15 aug 2016 - 17:32
  • MS Mode yn Ljouwert

Der moat yn trije wike tiid dúdlikens komme oere de takomst fan de fallite kleanwinkel MS Mode. Neffens de kurator hawwe harren ferskate gadingmakkers foar in oername meld. Hoefolle oft dat krekt binne, wol de kurator net sizze. De kandidaten hawwe belangstelling foar it hiele bedriuw, mar soms ek foar dielen dêrfan, seit de kurator.

De winkels fan MS Mode binne moandei wer iepengien, neidat se freed en sneon ticht west hawwe fanwege it fallisemint. MS hat fjouwer winkels yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)